Tagarchief: schrijven voor internet

Van tekstschrijver naar tekstskriuwer

Yn it Nederlânsk betitel ik mysels as ‘tekstschrijver’. It falt noch net ta om mei dat wurd heech yn de sykmasjines fan Google te kommen. Der rint yn ús lân nochal ris ien om dy’t as ‘tekstschrijver’ troch it libben giet. Jo kinne josels faaks better ferkeapje as ‘tekstskriuwer’. Dan komme je grif heger yn de sykmasjines. Spitigernôch sille der net in soad sykopdrachten wêze dêryn at ‘tekstskriuwer’ brûkt wurdt yn stee fan ‘tekstschrijver’.

Eins skande. Want Frysk is in prachtige taal. Lit dat sein wêze. Ik bin bliid dat ik it praat, dat ik it lês en dat ik it skriuw. De ofrûne tiid hie ik in pear fertaalopdrachten fan it Nederlânsk nei it Frysk. It wie net harren bedoeling dêr ien foar yn te hieren. It bedriuw, earne yn it lân, wie fan doel in aksje yn it Frysk te dwaan. Ien fan de wurknimmers wie fan Fryske komôf en wist wol ien dy ’t de fertaling dwaan koe. Dêr kamen se achter. It reinde flaters. Gelokkich kamen se der op ‘e tiid achter en mocht ik harren út de brân helpe.

Mei in protte nocht siet ik te stinnen op dy oersetting. Ik moat dan wolris even tinke oer bepaalde útdrukkings. Hoe siz je dat eins yn geef Frysk? It jout wol oan hoe gewoan en grut de ynfloed is fan it Nederlânsk op it Frysk. Meastentiids ha je der gjin iens erch yn, mar at je oan it skriuwen binne, dan falt it je op. ‘Neidielige gefolgen’ klinkt hiel normaal, mar siz no sels, ‘skealike of kwealike gefolgen’ docht it yn it Frysk dochs folle better. Pratendewei ha wy it oer ’steun’, jou my mar  ‘stipe’.

Ea gong ik nei Fryske les en dêr giene my de eachen iepen. Sûnt dy tiid besykje ik my yn it geef Frysk út te drukken, siz ik net mear ‘tot straks’, mar ‘oant aanst’. Bin ik yn steat by de slager om in ûns rearikke rierreljirre te freegjen.

Wy ha in prachtige taal, om te praten, te lêzen en om te skriuwen en, at jo ea in tekstskriuwer nedich binne, dan binne jo yn Berltsum te plak.

RiA
16-01-2011

 

Zoek een tekstschrijver, vind een tekstschrijver

Op welke zoekwoorden wil ik gevonden worden? Als tekstschrijver en webredacteur geldt die vraag voor mij net zo goed als voor de webdesigner en de bakker. Vanuit je eigen vakjargon kun je wel wat bedenken, maar of dat ook de denkwijze is van je doelgroep is nog maar de vraag. Je kunt het zoekwoordenhulpprogramma van Google raadplegen en ook je familie en vrienden. Je geeft ze de opdracht naar jou te zoeken op internet. Ze moeten dan even vergeten wie je bent en waar je woont. En dan maar hopen dat ze je vinden, het liefst op de eerste pagina van de zoekresultaten. Bij mij gaat dat eigenlijk wel prima. Ik sta vaak op pagina  1. De eerlijkheid gebiedt er wel bij te zeggen dat je er wel ‘Friesland’ aan toe moet voegen. Maar ik ben op de goede weg.

Nu zul je geen vieze resultaten voorgeschoteld krijgen als je zoekt op ‘tekstschrijver’ of ‘webredacteur’, de woorden waarop ik graag gevonden wil worden.Het kan ook anders. Google maar eens op ‘dekhengst’ in je zoektocht naar de afkomst van je merrie. Je krijgt spontaan rode oren. Je zult maar een Sinterklaas surprise in de vorm van een poes willen fabriceren, maar je weet niet precies hoe het moet. Geen nood, maar google niet argeloos op ‘poezen naaien’. Je bezorgt iemand spontaan de hik -van het lachen- als je dit op een verjaardagsfeestje vertelt. Is het daarom dat ik nooit surprises maak?

RIA
03-12-2011